Erik Negerman wint Slachtemaraton foar twadde kear op rige

De Slachtemaraton 2016 is sneontemoarn wûn troch Erik Negerman. Hy kaam yn Raerd oer de finish yn in tiid fan 2.33.46. De âld-Boalserter gong fan de earste kilometer ôf oan de lieding en hat hieltyd allinich rûn. Negerman wûn de Slachte ek yn 2012, yn 2.29.12. In parkoersrekôr siet der net yn. Dat stiet op namme fan Alex van der Meer dy de edysje fan 2008 yn 2.28.07 wûn.
Remon van Lunzen út Ljouwert einige sneon as twadde en stedgenoat Douwe Nauta waard tredde. Van Lunzen finishte ek al as twadde yn de edysjes fan 2008 en 2012.
Winner by de froulju is Ylona Kruis fan Ysbrechtum.