Motor mei Slachte-helpferlieners ûnderút yn Seisbierrum
Yn Seisbierrum is sneontemoarn in motor fan it Reade Krús ûnderút gien. De minsken op de motor, in man en in frou, wiene as begelieder fan de Slachtemaraton oan it wurk. De motor moast útwike foar in frachtauto. De man en frou binne mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs.