Slachtemaraton wat letter fan start gongen

04 jun 2016 - 07:02

De hurdrinners fan de Slachtemaraton binne sneontemoarn in pear minuten nei healwei sânen start út Easterbierrum wei. Grutte favoryt by de 1800 dravers is Erik Negerman út Hilversum, oarspronklik fan Boalsert. It is noch net bekend wêrom de start wat letter wie as pland. De finish fan de Slachtemaraton is yn Raerd.

De earste kuierders binne om tsien foar sânen úteinset by de seedyk fan Easterbierrum. Oan de kuiertocht dogge sa'n 13.500 dielnimmers mei.

Trefwurden: 
start Slachtemaraton
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)