Smilde nimt Brabânske saladeprodusint oer

03 jun 2016 - 22:36

It Fryske famyljebedriuw Smilde Foods nimt de saladeproduksje fan it Brabânske bedriuw United Food Family oer. It giet om De Kroon Salades yn Oudenbosch en om Van Oers yn Boxtel. Smilde wol de saladeproduksje binnen in jier oerbringe nei de moderne saladefabryk fan Smilde yn Easterwâlde.

Troch de oername fan de merken Van Oers en De Kroon salades krijt Smilde Foods in folle bettere posysje op de salademerk, tinkt direkteur Ronald Prince fan Smilde Foods. Smilde stribbet nei eigen sizze nei in 'liedende posysje' op de salademerk.

Trefwurden: 
Smilde Foods salade oername
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)