"Takomst fan Fryske doarpsfeesten stiet faai"

03 jun 2016 - 22:13
  • It feestterrein fan Lekkum

As de besikersoantallen net better wurde en frijwilligers har net melde stiet de takomst fan de Fryske doarpsfeesten faai. Dat seit Margreet Smit fan de feestkommisje fan Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren. It wurdt neffens har hieltyd dreger om frijwilligers te finen om it feest te organisearjen en ek de besikersoantallen yn Lekkum rinne achterút.

Yn it doarp is alle jierren begjin juny de feestwike, mar oft dat yn de takomst ek sa bliuwe sil, is mar de fraach. Lekkum oerwaget no in doarpsfeest ien kear yn de twa jier.

It bestjoer is benaud dat de besikersoantallen dit jier wer fierder ôfnimme, lykas ôfrûne jier. Hoe't dit no krekt kin, dêr hat Smit fan de feestkommisje noch gjin antwurd op. Wol binne der maatregels troffen: sa binne de kaartsjes foar de freedtejûn dit jier fergees. Oft it bestjoer dêrmei yn finansjele noed komt kin sy noch net sizze, mar se hawwe yn ''t foar al in oplossing betocht om mear jild binne te krijen. ''Wy hawwe it programma no foller makke, sadat besikers net sa gau nei hûs geane en hjir hingjen bliuwe. Sa ferkeapje wy wer mear konsumpsjes'', sa seit Smit.

De feestwike moat ek al konkurrearje mei de Slachtemaraton en de Rypstermerke yn Dronryp. Mar neffens de feestkommisje fan Lekkum hawwe dizze eveneminten gjin grutte ynfloed op de besikersoantallen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)