Gemalen draaie op folle toeren om reinwetter fuort te krijen

03 jun 2016 - 21:02

Wetterskip Fryslân hat freedtejûn de poldergemalen yn wurking set. De poldergemalen draaie op folle toeren om it wetter fuort te pompen dat fallen is by de stoartbuien fan freedtemiddei. Troch de enoarme delslach op guon plakken is it wetterpeil sa heech, dat dizze maatregel nedich is.

Yn ûnder oare Seisbierrum, Skalsum, Reduzum en Grou is hast 50 millimeter reinwetter fallen. Wetterskip Fryslân hat de situaasje ûnder kontrôle, mar hâldt de waarsferwachting en it wetterpeil sekuer yn de gaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)