Ferwûne by botsing op De Harkema

03 jun 2016 - 20:51

By in oanriding by De Harkema is freedtemiddei ien persoan ferwûne rekke. De ferwûne hat troch it ûngelok nekklachten. It ûngelok barde op de krusing fan de Reitsmastrjitte en de Betonwei. In auto raamde in oare auto yn de flank. Beide auto's rekken swier skansearre en moasten fuortsleept wurde.

De oarsaak fan it ûngelok is noch ûnbekend. De plysje docht ûndersyk nei it foarfal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)