Fertochte sededelikt Ljouwert komt mooglik út Grins

03 jun 2016 - 20:17
  • Komposysjetekening fan de fertochte fan seksueel misbrûk 60-jierrige frou

De plysje Noard-Nederlân hâldt de opsje iepen dat de fertochte fan in sedemisdriuw yn Ljouwert út Grins komt. De plysje docht dêrom ek yn Grins in oprop om nei de fertochte út te sjen. Dêrby wurdt de komposysjetekening fan de fertochte brûkt dy't de Ljouwerter plysje meitsje litten hat.

Ferline wike snein 22 maaie waard in 60-jierrige frou seksueel misbrûkt yn har hûs yn de Blommebuert yn Ljouwert. Ofrûne snein hat de plysje in passante-ûndersyk dien yn dy buert, mar dat hat noch gjin gouden tip opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)