Earste stien foar nij bûtenterrein Thialf op It Hearrenfean

03 jun 2016 - 19:13

Fan it nije bûtenterrein fan reedrydhal Thialf is freedtemiddei de earste stien lein. Dêrmei is it startsein jûn foar it fernijen fan it terrein om de iishal hinne. Deputearre Klaas Kielstra lei tegearre mei wethâlder Siebren Siebenga fan Hearrenfean de earste stien.

It nije terrein moat de útstrieling en berikberens fan it iisstadion ten goede komme. It werynrjochtsjen fan it bûtenterrein kostet mei-inoar sa'n 1,7 miljoen euro en moat ein dit jier oplevere wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)