Strjitten splis troch bakken reinwetter

03 jun 2016 - 18:41
  • Wetteroerlêst yn Frjentsjer (fotofoarbyld)
  • Yn Seisbierrum wie assistinsje fan de brânwacht nedich
  • Yn Grou eaze it ek....
  • It hege wetter soarge ek foar wille....

Needwaar soarget rûnom yn Fryslân foar in soad oerlêst. Troch de stoartbuien foel yn koarte tiid in soad reinwetter. Yn Grou foel 46,4 mm, yn Doanjum 42,6. Ek út Frjentsjer, Easterbierrum, Mantgum en Seisbierrum kamen meldingen fan wetteroerlêst. Troch stoartbuien stiene dêr strjitten en greiden splis en tunnels fol mei reinwetter.

It KNMI hat koade giel ôfjûn fanwegen stevige tongerbuien. By de buien kin yn koarte tiid in soad reinwetter falle en kin it ek hagelje en hurd waaie. Nei ferwachting ferdwine de buien yn de rin fan de jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)