Aksjefierders foar eksposysje Jentsje Popma sette troch

03 jun 2016 - 18:19

De aksjefierders dy't in oerjochseksposysje fan Jentsje Popma yn it Fries Museum ha wolle, geane troch mei de striid. Se nimme gjin genoegen mei it oanbod fan museumdirekteur Kris Callens. Dy wol alle wurken fan Popma beskikber stelle foar in tentoanstelling, mar net in romte yn it museum sels.

Neffens Callens is Popma in 'fertsjinstlik skilder' mar foldocht de keunstner net oan de kriteria foar sa'n eksposysje. Dêrfoar moat in keunstner yn it bûtenlân namme makke ha of yn Fryslân de Gerrit Bennerpriis wûn ha.

Boppedat hat it museum op dit stuit de hannen fol oan grutte projekten lykas de eksposysje oer de Fryske skilder Alma Tadema. Neffens wurdfierder Jitse Sikkema ha yntusken in grut tal Fryske keunstners en galeryhâlders har sympaty foar de aksje útsprutsen. Neffens harren hat Popma fan grutte wearde west op de ûntwikkeling fan de Fryske lânskipskeunst en in grutte ynfloed hân op tal fan keunstners dy't wol nasjonaal en ynternasjonaal erkenning krigen ha. Popma sels bliuwt beskieden oer syn oeuvre, mar is wol bliid mei alle stipe en oandacht foar syn wurk, sa sei de keunstner yn it radioprogramma Weistra op wei by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)