Fytsers ferwûne troch oanriding mei dongynjekteur

03 jun 2016 - 17:11
  • De ynjekteurs wiene net goed ynklapt en rekken de fytsers op de rêch

By in ûngelok by Tsjeintgum tusken Mantgum en Baard binne freed twa fytsers fan 71 jier âld swier ferwûne rekke. De man en frou waarden troch in trekker mei jarretank oanriden. Omdat de trekker de dongynjekteur net folslein ynklapt hie, rekken de ynjekteurs de fytsers yn de rêch. De fytsers foelen hjirtroch fan de fyts en rekken ferwûne.

Twa ambulânses en in traumahelikopter kamen nei it plak fan it ûngelok om help te ferlienen. De man is mei in traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht.
De dyk is ôfsletten foar it ûndersyk.

De frou is mei de ambulânse nei it MCL yn Ljouwert brocht. It is noch net bekend hoe't de slachtoffers der oan ta binne. De dyk hat in skoft ôfsletten west foar de helpferliening en it ûndersyk fan de plysje. De bestjoerder fan de trekker is as fertochte troch de plysje heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)