Programma Welcome To The Village folslein mei Black Mountain

04 jun 2016 - 11:00
  • It duo 2manydj's sil it festival ôfslute

Welcome To The Village hat de line-up foar it Ljouwerter festival rûn. De organisaasje hat koartlyn wer in stikmannich bands en dj's taheakke oan de list fan artysten dy't op 15, 16 en 17 july optrede sille yn de Griene Stjer by Ljouwert.

Sa sille it Belgyske dj-duo 2manydj's en de Kanadese rockers Black Mountain optrede. Ek de súksesfolle band My Baby is fêstlein. Mei-inoar binne hûndert nasjonale en ynternasjonale acts fêstlein. It folsleine programma stiet op de webside fan Welcome To The Village.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)