COA wol mear gearwurkje mei lokale ûndernimmers by bou AZC

03 jun 2016 - 14:24
  • AZC

It COA wol mear gearwurkje mei lokale ûndernimmers by de bou fan asylsikerssintra. De Europeeske regeljouwing hâldt dat oant no ta tsjin, mar it Sintraal Orgaan foar Asylsikers is drok dwaande mei sykjen nei "mazen yn de wet" om folle mear fan de gemeenten út dêr't opfang boud wurdt it wurk dwaan te litten. Dat is goed foar de lokale ekonomy en dus it draachflak en fertrouwen fan de mienskip, seit Henk Wolthof fan it COA Noord.

Yn Dokkum wol de gemeente besykje de bou ek mear fan de eigen mienskip út te regeljen. Neffens Wolthof is dat ek de reden fan de fertraging fan de komst fan it AZC dêr.

Loch systeem

Boargemaster Tjeerd van der Zwan makket him wol soargen oer de fertraging fan de bou fan sintra yn Fryslân. Neffens him leit dat oan it logge systeem by it lanlike COA. Op It Hearrenfean stean se yn 'e startblokken om te begjinnen mei de bou, mar it COA yn Rijswijk nimt no al oardel moanne de tiid om te sjen oft de ôfspraken dy't makke binne tusken it COA Noard en de gemeente wol doge en finansjeel wol yn oarder binne.

Duorret te lang

Dat duorret allegearre fierstente lang neffens Van der Zwan en is net goed foar it draachflak yn de befolking. Hy fynt dat de lanlike organisaasje folle mear harkje moat nei de lokale minsken en trochtaastender wêze moat. De gemeenten binne neffens him net de beheining, mar it Sintraal Orgaan Asylsikers sels. As alles goed giet kin It Hearrenfean yn desimber iepen, mar dan moat ek neat mear tsjinsitte en moat it COA freed grien ljocht jaan.

Helte folbrocht

Yn Fryslân is, as alle AZC's dy't no boud of útwreide binne, de helte fan de taakstelling folbrocht. Op papier liket Fryslân op koers rjochting de taakstelling fan opfang foar 7500 asylsikers. Mar dan moatte in tal gemeenten yntinsjes ta fêstigjen fan in AZC noch wol omsette yn konkrete plannen. De AZC"s dy't no yn oanbou binne of útwreide wurde binne: Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean, Snits, Balk, Harns, Burgum en Dokkum.

Oersjoch

As in gemeente in beslút nimt om mei te wurkjen oan de fêstiging fan in AZC, is dat der dus net samar in pear moanne letter. En dat wylst kear op kear sein wurdt dat de need heech is. Wat is de stân fan saken wat betreft de AZC's dy no pland binne yn Fryslân? In oersjoch:

Riis en Balk
De kwestje fan grutskalige opfang fan flechtlingen begjin in lytse twa jier lyn nei jierren wer te  spyljen yn Fryslân, as de gemeente De Fryske Marren it fersyk fan it COA nei bûten bringt om asylsikers op te fangen yn Riis. Doarpsbewenners fersette har fûl as se hearre dat it om 500 minsken giet en it plan rêdt it net op. De gemeente moat werom nei de tekentafel. Want it COA bliuwt ferlet hâlden fan opfangplakken en benadert rûnom gemeenten mei de fraach om dêr oan mei te wurkjen. Yn maart 2015 komt nei in gemeentlik ûndersyk in stik grûn oan de Wikelerdyk by Balk yn byld foar de festiging fan in AZC mei plak foar 500 minsken. De ried fan De Fryske Marren beslút yn augustus unanym om mei dy lokaasje en dat oantal minsken akkoart te gean. We binne no hast tsien moanne fierder en der wurdt op it stuit folop boud yn Balk. De planning is dat de earste minsken der yn augustus yn kinne: in jier neidat it beslút naam is.

Snits
Yn juny 2015 komt de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân mei it plan nei bûten foar in AZC yn de wyk Noarderhoek yn Snits. Dêr soene foar in perioade fan fiif jier 600 minsken opfongen wurde moatte. It plan is dan om begjin 2016 de doarren te iepenjen. Sa hurd giet it net. De ried giet akkoart mei it plan, mar in omjouwingsfergunning is der net earder as yn april fan dit jier. Op dit stuit wurdt der boud en de ferwachting is dat it AZC yn septimber iepen kin: mear as in jier neidat de wykbewenners te hearren krigen dat se nije buorlju krije.

Dokkum
Begjin septimber 2015 meitsje boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel bekend dat se meiwurkje wolle oan in AZC foar 600 minsken. Dat soe komme moatte oan de Parkleane, op it plak dêr't tusken 1996 en 2006 ek al in asylssikerssintrum stie. Nei de simmer fan 2016 moatte de earste minsken der te plak kinne. Mar it giet yn Dokkum allegear net sa flot. De gemeenteried giet wol akkoart, mar wol dat lokale ûndernimmers bij de bou belutsen wurde. Omdat dat dreech te regeljen is, is de iepening fan it AZC útsteld, nei begjin 2017. Dat soe dan oardel jier wêze neidat de plannen bekend makke waarden.

Burgum
It besteande AZC yn Burgum moat fan 450 plakken groeie nei in opfangsintrum foar 600 minsken, meitsje de gemeente Tytsjerksteradiel en it COA mids septimber 2015 bekend. De needopfanglokaasje moat begjin 2016 klear wêze, foarútrinnend op de ferbou fan it besteande AZC yn 2017. De ried stimt der mei yn. Op it stuit wurdt der yn Burgum wurke oan de útwreiding. 

It Hearrenfean
Septimber 2015 is in drokke moanne as it giet om plannen foar AZC's dy't bekend makke wurde, want ek de gemeente Hearrenfean bringt nei bûten dat de ried akkoart is mei it plan foar in AZC foar 600 minsken, foar in perioade foar op syn meast tsien jier. Letter wurdt dúdlik dat it moat komme op de hoeke fan de K.R Poststrjitte en De Weinmakker op It Hearrenfean. It is de bedoeling dat de doarren ein 2016 iepengean. De ried giet akkoart, tsientallen minsken jouwe har op as frijwilliger en dan is it even stil. Oant koartlyn boargemaster van der Zwan fan Hearrenfean syn frustraasjes uteret oer it kontakt mei it haadkantoar fan it COA yn Rijswijk. Dat soe ynienen oare betingsten stelle oan de bou fan it AZC. Dat skeel liket in speak yn it tsjil te stekken, mar it wurdt útpraat en de oerienkomst tusken beide partijen wurdt ûndertekene. It is noch altiten de planning dat de earste minsken der foar de krytsdagen opfongen wurde kinne.

Drachten
Drachten hat al jierren in AZC foar 460 minsken. Der wurdt al wurke oan de útwreiding nei 600 plakken, as yn oktober 2015 bekend wurdt dat der noch mear opfangplakken komme: it AZC groeit nei in festiging mei romte foar 800 minsken. It COA moat der grûn foar oankeapje, mar boargemaster en wethâlders sizze dat se dêr oan meiwurkje wolle. Op dit stuit wurdt der folop wurke op it terrein fan it AZC, krekt bûten Drachten. 

Ljouwert
No't de need heger wurdt en flechtlingen opfongen wurde yn sporthallen, kin de haadstêd fan Fryslân net achterbliuwe. De gemeente Ljouwert makket yn jannewaris 2016 bekend dat der plannen binne foar in AZC oan de Snekertrekwei, yn it eardere postsortearsintrum. Der komt rûmte foar 600 minsken, foar in perioade fan tsien jier. De ried stimt mei in romme mearderheid foar it plan. It moat nei de simmer klear wêze.
 
Harns
Noch mar koart lyn, yn maart, komt it kolleezje fan Harns mei it plan foar in AZC op it Balklandterrein, foar maksimaal 300 minsken. It soe der maksimaal tsien jier stean moatte en it moat begjin takom jier iepen. Ferline wike is de gemeenteried akkoart gien mei it plan. De ried wol wol dat der in ûndersyk kom nei de feiligens. En omwenners moatte goed op de hichte hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)