Ramtnota Weststellingwerf: Unreplikesaakbelesting beferzen

03 jun 2016 - 14:05
  • It Gemeentehûs van gemeente Weststellingwerf

De ûnreplikesaakbelesting yn de gemeente Weststellingwerf bliuwt takom jier gelyk. Dat docht bliken út de ramtnota 2017-2020 fan de gemeente. Dêryn stiet ek dat de gemeente de skulden nei ûnderen bringt en de kommende jierren flink ynvestearje wol.

It giet dan ûnder oare om fytspaden by de Linde lâns, it opsetten fan in toeristysk ynvestearringsfûns en de ûntwikkeling fan it Spokeplasgebiet. De gemeenteried behannelet de ramtnota op 4 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)