Kamp: ''Koe fergunning foar proefboarrings net wegerje''

03 jun 2016 - 13:46

Minister Kamp koe de fergunning foar proefboarrings nei gas by Skiermûntseach net wegerje. Dat sei er freedtemoarn tsjin de NOS. De wetlike proseduere is trije jier lyn begûn en neffens Kamp moast er in beslút nimme. Hy seit dat de boarrings op in feilige en ferantwurde wize dien wurde en dat se kwealik oerlêst jaan sille. Minister Kamp hat it bedriuw Engie E&P tastimming jûn om twa proefboarrings by Skiermûntseach te dwaan.

Dy binne pland yn de winter fan 2017/2018 en yn de winter fan 2018/2019.

De earste boarring wurdt dien op goed fiif kilometer noardlik fan Skiermûntseach yn it natuergebiet Natura 2000. As dy suksesfol is, folget in twadde boarring, krekt bûten it Natura 2000-gebiet. De proefboarrings duorje beide trije oant fjouwer moannen. De opposysje yn de Twadde Keamer is ferbjustere oer it beslút fan de minister. Ek GasTvrij Terschelling is fûl tsjin, lykas de Waadferiening. Dy ûndersiket no oft en hoe't de proefboarrings noch tsjinhâlden wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)