Argewaasje yn Haismastrjitte Burgum om grutte beammen

Grutte iken en lariksbeammen soargje foar grutte irritaasje ûnder de bewenners fan de Tjalling H. Haismastrjitte yn Burgum. De beammen yn de strjitte fersteure it wengenot en soargje foar libbensgefaarlike situaasjes. De hiele strjitte komt no yn aksje, want de beammen begjinne harren hieltiten mear tsjin te stean. Sy binne benaud dat de tûken ôfbrekke kinne en delkomme op bygelyks de skoalbern.
Ek de ôffallen nullen binne benammen yn de hjerst in grutte ergernis en ferstopje alle goaten. Dêrneist wol it gers yn de tunen net mear groeie om't de grutte beammen al it wetter opnimme. En as dat noch net it iennichste probleem is, dan is der ek noch de parkearoerlêst yn de strjitte, dat neffens de bewenners ûntstien is nei de komst fan in nije lokaasje fan de GGD.
De ynwenners wolle no dat de gemeente de beammen fuort hellet en wat docht oan de parkearoerlêst, mar in soad fertrouwen hawwe sy dêr net yn. De gemeente Tytsjerksteradiel seit yn in reaksje ynkoarten omtinken te jaan oan de problematyk yn de Tjalling Haismastrjitte yn Burgum.