Cultuur Kwartier Snits siket jongere-ambassadeurs

03 jun 2016 - 11:37

Cultuur Kwartier Snits (CKS) siket jongeren dy't helpe wolle om de kulturele ynstelling ûnder har eigen doelgroep te promoatsjen. Jeugd út de gemeente Súdwest-Fryslân kin him hjirfoar oanmelde as jongere-ambassadeur. Sy kinne fergees nei in soad optredens om dêr yn in vlog, blog of op oare wize ferslach fan te dwaan. Cultuur Kwartier Snits wol sa mear jongeren yn de kunde komme litte mei kultuer.

Dêrfoar yntrodusearret CKS ek in Snits Preview-ticket foar jongerein. Dêrmei kinne learlingen fan middelbere skoallen en studinten foar 50 euro nei seis ferskate foarstellingen of konserten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)