Wurkstraf foar man út Wolvegea nei oantaasting

03 jun 2016 - 10:27
  • Rjochter

Tsjin in man fan 76 jier út Wolvegea is fjirtich oeren wurkstraf ûnder betingst easke. Hy wurdt derfan fertocht dat er yn desimber 2014 in 85-jierrige bewenster fan ferpleechhûs LindeStede oantaast hat. De wurkstraf is ûnder betingst, omdat de offisier fan justysje it wichtiger fynt dat de man ûnder tafersjoch fan de reklassearring komt en eventueel behannele wurdt.

It slachtoffer fertelde har soan dat de fertochte har thúsbrocht hie. Dêrnei soe er har tute hawwe en mei syn geslacht tsjin har oanwreaun hawwe. De soan die oanjefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)