Kollum: ''Leafde is de baas''

03 jun 2016 - 08:48
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

''Ik stie wer bûten, neist it Leidseplein yn Amsterdam, trams rinkelen my om de earen, ik waard hast ûnderstboppe fytst troch hastige Amsterdammers en it hindere neat. Ik fielde my enerzjyk en bliid. Dat kaam troch rapper Typhoon, ien fan de aardichste minsken dy't ik ea ynterviewd ha. Wat in sinne bringt hy mei him mei. It wie as hie dizze stotterjende rapper wat farske azem yn my blaasd.

Typhoon is in jonge muzikant fan 31 jier út Swolle en hy krijt grutte groepen minsken oan it dûnsjen, oan it sjongen, oan it neuriën. Hy krige lêsten sels ús kening en keninginne oan it dûnsjen op Keningsdei. Ik seach prins Maurits ek mei de heupen skodzjen. It is in ferbiner. Syn album, wat in geweldich sukses waard, hjit Lobi da Basi, wat 'leafde is de baas' betsjut.

Typhoon is hiel donker mar sa Hollânsk as wat. "Do praatst aardich goed Nederlânsk foar in bûtenlanner", grappe er tsjin my. Hy is opgroeid op de Veluwe, op in frij swier kristlike stikje, sa't er sels sei. Hy moast as jonkje mei nei de herfoarme tsjerke. Op syn plaat binne de oargelklanken ynruile foar gospeltunes. Hy sjongt in protte oer saken fan de siel. "It is myn azem", seit er.  

Hy fertelde oer syn spirituele syktocht. Dat er as lyts jonkje al dwaande wie mei libbensfragen. Dat er yn syn pubertiid tocht, 'elkenien hat it altyd mar oer dy God, dan wol ik er ek wol wat mear fan snappe'. Dus ferdjippe hy him yn alle grutte religys.

Doe't er âlder wie, reizge er in protte. Nei Súd-Afrika, Australië, Ruslân, Suriname, New Orleans, mar ek "gewoan Skylge." Hy kaam yn ús petear mei kloeke opmerkings as: "ik ha gjin kontrôle oer it resultaat fan myn aksjes, allinnich oer myn aksjes sels." En: "wy tinke dat we belangriker binne as in mich, mar it universum makket gjin ûnderskied."

It is in jongen dy't djip sitten hat. Ut dalen klom is, alles jûn hat foar de muzyk. Hy hie op in stuit sa min jild dat er gjin hûs betelje koe en oeral en nergens bedarre.

Hy fertelde dat er mei syn reis troch alle ferskillende lannen en religieuze kultueren mar ien ding konkludearje koe: spiritualiteit oerstiget rangen en stannen en kultueren. "Alle minsken dy't ik moete", sei er, "sochten nei itselde. We brûke oare rituelen en hannelingen om by itselde út te kommen. By leafde, God, in goed libben, frede yn ússels. Us minsklikheid is wat oerein bliuwt. Dat ferbynt ús."

It rekke my dat hy dizze wike oanhâlden wurde troch de plysje. Syn grutte, wite hybride SUV-auto, paste net by syn uterlik. Dat uterlik is swart. Syn kapsel is fan kroeshier. Hy reagearre beskieden. Omdat er bekend is, koe hy himsels frij rap ferdigenje. Hy sei dat it him foar de safolste kear oerkaam en dat de plysjeman tajoech dat er befoaroardiele wie. Dat er in swarte jonge yn in grutte auto seach en dat fertocht fûn.

Ik fyn it hiel erch. As ik my ferpleats yn syn situaasjes, dan soe ik my sa fernedere fiele. It is sa net minsklik. Sa it tsjinoerstelde fan ferbining. Do bist oars, dus ik gean fan it slimste út. Like fernederjend as wat myn kapper trochstean moast. In hiele knappe jongen mei kroeshier en in hippe bril. Hy wurde wegere by in kafee yn Den Haach op it personielsfeestje fan syn eigen kapsalon. De rest wie al binnen. Djip azemje en nei hûs gean. It is sa skande.

Ik pleitsje derfoar dat de plaat fan Typhoon, Lobi da Basi, ferplichte kost wurdt foar plysje en Justysje. Dat se de teksten út de holle leare. En dat se de wurden fan Typhoon as in mantra brûke sille: 'ik ha gjin kontrôle oer it resultaat fan myn aksjes mar allinnich oer myn aksjes sels'.

Lit ús minsklikheid regearje. Lobi da Basi.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)