Auto rekket yn de sleat by Holwert

03 jun 2016 - 08:16

By Holwert is tongersdeitejûn in bestjoerder mei syn auto yn de sleat bedarre. De man ried oer de Ljouwerterdyk doe't er troch noch ûnbekende oarsaak fan 'e dyk rekke. De helptsjinsten wienen gau te plak en de plysje hie in rydstreek ôfsletten fanwege it ûngelok.

De bestjoerder koe sels út de auto komme en is net ferwûne rekke. Syn auto is troch in bergingsbedriuw út de sleat helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)