Ried Smellingerlân stiet achter boykot fan De Boer

02 jun 2016 - 22:08
  • De gemeenteried stipe it beslút fan B&W om De Boer in jier te boykotten
  • Wethâlder Nieske Ketelaar ferdigenet it kolleezjebeslút

Der feroaret neat oan it beslút fan Smellingerlân om in jier lang gjin saken te dwaan mei it bedriuw fan De Boer. Dat die tongersdeitejûn bliken nei in spoeddebat dat oanfrege wie troch in tal opposysjepartijen. De maatregel waard naam nei in feroardieling troch de rjochter foar diskriminaasje. De Boer wegere in homoseksuele stazjêr oan te nimmen.

Benammen it CDA toande him fûl tsjinstanner fan it beslút fan it kolleezje. De partij woe de maatregel dan ek tebekdraaie. In moasje dêrta krige lykwols gjin mearderheid.

De ChristenUnie wraksele bot mei de saak, sjoen alle reaksjes yn de achterban, mar stimde dochs yn mei de maatregel fan it kolleezje. Guon opposysjepartijen fine de maatregel te swier en fine dat it bedriuw te swier en te lang straft wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)