Arriva net bliid mei belangstelling NS foar regiospoar

02 jun 2016 - 21:51
  • Arrivatrein op stasjon fan Feanwalden

Arriva is min te sprekken oer dat de NS yn 'e takomst miskien dochs wer regionale treinen ride litte wol. NS-topman Roger van Boxtel liet dat yn in harksit yn de Twadde Keamer trochskimerje.

De NS konsintrearret him oant 2019 op it ferbetterjen fan it lanlike spoarnet. As dat slagget, kinne der neffens Van Boxtel nije situaasjes ûntstean. De provinsjes soene de NS dan freegje kinne op regionaalspoar yn te skriuwen. Anne Hettinga fan Arriva fynt dielname fan NS oan de oanbesteging ûnearlike konkurrinsje, want de NS hat in grutte foarsprong.

Neffens de NS hawwe ferskate provinsjebestjoeren de NS frege nei te tinken om wer in bod te dwaan op in regionale konsesje, as Arriva de iennige ynskriuwer is. Dan hat de provinsje wat te kiezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)