Twa bestjoerders pakt foar riden sûnder rydbewiis

02 jun 2016 - 20:46

De plysje hat tongersdei twa bestjoerder oanhâlden. Op it Fliet yn Ljouwert foel in scooterrider op omdat er sûnder helm ried. By kontrôle die bliken dat de 22-jierrige gjin rydbewiis by him hie. De scooter wie ek net fersekere.

Op de A32 waard in 35-jierrige automobiliste fan de dyk helle. De plysje werkende har nûmerboerd mei in opspoaringsskerm yn de plysje-auto. De frou út Ljouwert waard by parkearplak Mandelân steande hâlden. Se mocht net autoride, omdat se in rydûntsizzing krige hie foar dronken riden.

De frou moat meikoarten foar de plysjerjochter ferskine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)