Minister: gjin beswier tsjin proefboarrings Skiermûntseach

02 jun 2016 - 18:22

Minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken hat gjin beswier tsjin twa proefboarrings nei ierdgas yn de Noardsee benoarden Skiermûntseach. Dat hat er tongersdei oan de Twadde Keamer witte litten.

Ien fan dy proefboarrings wurdt dien yn beskerme natuergebiet. De earste boarring sil heve yn de winter fan 2017-2018. As dy boarring suksesfol is, folget in jier letter de twadde proefboarring.

Oer de kwestje binne twa ynformaasjejûnen hâlden op it eilân. Neffens Kamp binne de bewenners benammen benaud foar de oantaasting fan de horizon en de mooglike gefolgen foar it toerisme. Neffens de minister moat foar de echte gaswinning letter opnij in fergunning oanfrege wurde en bliuwe de boarynstallaasjes net hieltyd stean.

De Waadferiening is fel tsjin de proefboarrings yn de Noardsee. Der wurdt noch ûndersocht hoe't de boarrings mooglik tsjinhâlden wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)