Miranda Werkman: "Ik bin net ien fan rinne yn de massa"

03 jun 2016 - 05:17
  • Miranda rint de Slachte en is te folgjen fia in livestream

Sa'n 15.000 minsken rinne sneon 42 kilometer oer de Slachte fan Easterbierrum nei Raerd. Ien fan harren is Omrop Fryslân-ferslachjouwer Miranda Werkman. Se sil foar it earst in maraton rinne. Wy lizze har sân fragen foar.

Dus do silst sneon de Slachte rinne, wêrom dochsto mei?

"Ik ha de tocht fanút de studio presintearre, as ferslachjouwer reportaazjes makke ûnderweis, as presintator op lokaasje west. It like my no wol wat om him sels te rinnen."
 

Hoe hasto dy taret op dizze tocht?

"Ik bin wol in rinner, yn dy sin dat ik twa kear yn de wike wol hearlik bûtenút in oere, oardel oere rin. Dan kin ik lekker efkes neitinke oer alles. Mar echt lange ôfstannen ha ik net dien. Wol bygelyks nei de paasbrunsj by ús heit en mem yn Frjentsjer weromrinne nei Minnertsgea. Of fan de jierdei fan skoanheit yn Bitgummole werom rinne. It langste wat ik dien ha is snein 25 kilometer. Dat gie net iens sa lekker trouwens."
 

Bist der in bytsje klear foar?

"Ik tink wol dat ik der klear foar bin. Ik ha der yn elk gefal in hiel soad sin oan. Ik ha de hiele wike foar Bynt op 'n paad west, rûte ferkenne en dan krij je echt it gefoel dat der wat hiel spesjaals te gebeuren stiet mei de Slachte."
 

Wêr sjochst it meast tsjin op?

"No, ik bin net ien fan rinne yn de massa. Ik bin it leafst allinne te rinnen. Haha, dus dat sil sneon wol oars wêze. Mar as ik no mei it oefenjen ûnderweis ek Slachtekuierders tsjinkom, dan bynt dat wol. Dat fyn ik dan wol wer hiel leuk. Ek yn Minnertsgea hawwe je it der mei oaren oer dy’t rinne. Myn skoansuske sil him rinne mei har dochters. Leuk toch."
 

Hoe hâldst de sfear deryn ûnder it rinnen?

"Ik tink dat de sfear bepaald wurdt troch alles wat der te sjen is oan teater, muzyk en keunst ûnderweis, de oare kuierders en de minsken oan de kant. En fansels ek it prachtige lânskip. Ik rin mei myn freondinne Nicole Adema, wy hawwe tegearre altyd in soad wille, dus dat komt wol goed."
 

Wat sit der sneon allegearre yn dyn tas by it kuierjen?

"Ik sit der oan te tinken om smoothies te meitsjen, ik nim crackers mei, krintepofkes en fansels wol ik ûnderweis ek wol wat lekkers keapje."
 

Hoe lang ferwachtest do oer de tocht te dwaan?

"Ik tink tusken de 9 en 10 oeren. De tip dy’t ik my ek yn de earen knope ha is net te hurd fan start wolle. Ik bin ek wol benijd hoe’t de kombinaasje rinnen en ferslach dwaan is. Oh, it begjint echt te kriebeljen. Ik hoopje dat ik wat sliepe kin fannacht."

Miranda is de hiele dei live te folgjen fia in livestream op omropfryslan.nl/slachte en op de omrop-app. De omrop docht de hiele dei ferslach fan de Slachtemaraton op radio, telefyzje en online. Sawol fan de wedstriid as fan de kuierders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)