Twa famkes fan 16 meie de Slachtemaraton net drave

02 jun 2016 - 17:22

De 16-jierrige Brecht Osinga en Lonneke Gerritsma meie sneon net meidwaan oan de Slachtemaraton-wedstriid. Se hiene yn it foar fan de organisaasje fia de mail te hearren krigen dat 16 jier de minimumleeftiid wie, mar by it opjaan slagge dat net. Se hawwe doe as bertejier 1998 opjûn, neffens de fammen op advys fan de organisaasje.

Neffens Anne Jochum de Vries fan de organisaasje kin dat beslist net it gefal west hawwe, sy folgje de rjochtlinen fan de atletykuny, dy't sizze dat dielnimmers 18 jier wêze moatte en soene dus sa'n advys nea jaan.

Hurdrincoaches hiene dêr krityk op. Dy sizze dat it net goed is foar sokke jonge bern om sa'n lange ôfstân te draven. It lichem is dêr noch net oan ta.

Anne Jochum de Vries fynt it tige spitich foar de fammen en shat tongersdeitejûn kontakt mei se opnommen. Se bliuwe by it beslút dat 18 jier de minimumleeftiid is. "Wy kinne gjin risiko's nimme mei de sûnens fan dielnimmers". De mem fan Lonneke Gerritsma is lilk oer de gong fan saken. Yn de mail - dy't Omrop Fryslân ek krigen hat - stiet dúdlik dat dielnimmers 16 jier wêze moatte. Boppedat fynt se dat sy ferantwurdlik foar de bern binne en sy hawwe se tastimming jûn om mei te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)