Komposysjetekening fertochte fan seksueel misbrûk frou (60)

Komposysjetekening fan de fertochte fan seksueel misbrûk 60-jierrige frou
De plysje fan Ljouwert hat in komposysjetekening meitsje litten fan de fertochte fan it sededelikt fan ferline wike snein 22 maaie. Dêrby waard in 60-jierrige frou seksueel misbrûkt yn har hûs yn de Bloemenbuert yn Ljouwert. Ofrûne snein hat de plysje yn de buert in passante-ûndersyk dien, mar de gouden tip hat dat noch net opsmiten.
De fertochte is nei alle gedachten fan de Grinzerstrjitwei nei it hûs fan it slachtoffer fytst. Dêrnei fytste er yn de rjochting fan de Professor Gerbrandywei.