Selstraf en wurkstraf easke foar seks mei famke fan 14 jier

02 jun 2016 - 16:12
  • Justysje

Tsjin in 29-jierrige man út It Hearrenfean is in selstraf fan trije moanne en in wurkstraf fan 180 oeren easke foar in seksueel aventoerke mei in famke fan 14. De man krige fia ynternet kunde oan it famke út Pieterburen. Yn febrewaris 2015 troffen se inoar yn it echt. De man bekende dat er op de achterbank fan syn auto seksuele hannelingen dien hat mei it famke. Hy tocht dat se 16 jier wie.

De Feanster is al ris earder feroardiele foar in sededelikt. De rjochter yn Grins docht oer twa wike útspraak yn de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)