Plysje fynt stellen fûken werom yn Iselmar

02 jun 2016 - 16:02

De plysje hat 28 stellen ielfûken weromfûn yn de Iselmar en weromjûn oan de eigener. De fûken waarden fûn by in kontrôle yn it ramt fan de fiskerijwetjouwing. Dy kontrôle waard dien troch de plysje, de FUMO, de Fryske útfieringstsjinst miljeu en omjouwing, de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit en de Hengelsport Fryslân.

De fûken stiene yn it Natura 2000-gebiet Stoenckherne. Dêr mei net fiske wurde en dêrom is it fiskark yn beslach naam. Ut ûndersyk die bliken dat de fûken begjin maaie stellen wiene fan in beropsfisker út Koudum.

De plysje docht fierder ûndersyk nei de dieders fan de stellerij en dejingen dy't de fûken yllegaal opsteld hawwe.

Stoenkherne is in bûtendyks stik lân tusken Warkum en Hylpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)