Boulokaasjes iepen foar publyk op Dei fan de Bou

02 jun 2016 - 15:36

Thialf iepenet sneon op de Dei fan de Bou de doarren foar publyk. De tagong is fergees en foar bern is yn en om it iisstadion hinne ek fan alles te dwaan.

De Dei fan de Bou wurdt dit jier foar de alfde kear hâlden. Yn it hiele lân binne sa'n twahûndert boulokaasjes iepen. Yn Fryslân is publyk wolkom op tsien plakken, lykas by de Sintrale As, de oanlis fan de stasjonsbrêge yn Frjentsjer en de oanlis fan de nije dyk by Harns.

Trefwurden: 
dei fan de bou bou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)