Te bewolkt: rûnflecht F-35 boppe Nederlân giet net troch

02 jun 2016 - 15:24

De rûnflecht dy't de F-35 tongersdei boppe Nederlân meitsje soe, giet net troch. Dat hat definsje bekend makke. It is te bewolke en dêrom is it fleantúch fan de grûn ôf net goed te sjen.

De strieljager soe tongersdeitemiddei op de Fleanbasis Ljouwert de loft yn gean. Hy soe op 400 meter hichte oer in stik of wat loftmachtlokaasjes en oare plakken fleane. Der wurdt no socht nei in nije datum. De F-35 is noch twa wiken yn ús lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)