Fjouwer fertochten oanhâlden by ynfal yn Ljouwerter wenning

© ANP
De plysje hat woansdei by in ynfal yn in wenning oan Achter de Hoven fjouwer minsken oanholden. By de ynfal binne ek drugs en ûnder oare elektroanika en scooters yn beslach naam. De plysje hie de lêste tiid meardere klachten krigen oer drugsoerlêst yn de strjitte. Fanút in wenning soe hannele wurde yn drugs. Nei ûndersyk die de plysje woansdei de ynfal. Trije Ljouwerters fan 31, 33 en 37 jier binne oppakt, lykas in 29-jierrige man sûnder fêst wenplak.
De plysje naam 40 boltsjes kokaïne, in brok kokaïne fan 40 gram en in pûde fol himptoppen yn beslach. Fierder waard der beslach lein op scooters, fytsen en elektroanika. De plysje tinkt dat dat guod stellen is. Hjir wurdt fierder ûndersyk nei dien. De fjouwer fertochten sitte fêst en wurde ûnderfrege.