Kwart noarderlingen fynt krimpregio minder leefber wurden

Ien op de fjouwer noarderlingen yn in krimpregio fynt dat de leefberens it lêste jier achterút gien is. Dat is heger as yn regio's dêr't gjin krimp is. Dêr leit it persintaazje op 15%. Dat docht bliken út ûndersyk fan planburo's yn it Noarden. Minister Stef Blok fan wenjen en deputearre Johannes Kramer joegen tongersdeitemoarn yn it Abe Lenstrastadion de ôftraap foar in lanlike konferinsje oer krimp.
Yn april binne 4500 ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte troch planburo's frege nei leefberens en harren ûnderfining dêrmei. De panelleden jouwe de leefberens yn de wenomjouwing it rapportsifer 7,7, de foarsjenningen krije in 7,1. Yn krimpregio's leit dat sifer leger. De ferskillen tusken de provinsjes binne lyts, mar Drintske panelleden jouwe wol de heechste sifers.