Opnij steuring Ofslútdyk: bomen by brêge wolle net omheech

02 jun 2016 - 08:58

Ferkear koe tongersdeitemoarn opnij in skoft net oer de Ofslútdyk. De bomen by de brêge oan de kant fan Fryslân woene troch in technyske steuring net omheech. Dat betsjutte dat ferkear fan beide kanten der net oer koe en omlaat waard. Om njoggen oere hinne wie de steuring ferholpen.

Der binne de lêste tiid folle faker problemen op de Ofslútdyk. Neffens deputearre Klaas Kielstra is de situaasje sa stadichoan ûnakseptabel en docht Rykswettersteat der net genôch oan.

"Je kin net in kompleet lânsdiel, want it giet net allinnich om Fryslân mar ek om Grinslân en in stik fan Drinte, op dizze manier isolearje. It is in ûnbetroubere ferbining oan it wurden. Der moat sa gau mooglik wat oan gebeure en der moat in strukturele oplossing fûn wurde", sa seit Kielstra. De provinsje trunet der by Rykswettersteat op oan om de âlde brêge te ferfangen troch in nij eksimplaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)