Nij evenemint Proud On Stage ferfangt Taptoe Ljouwert

Jong Advendo Snits bij Taptoe Ljouwert 2011
De opfolger fan Taptoe Ljouwert, Proud Events, komt yn oktober mei it nije konsept Proud On Stage. De stichting Proud Events wol jierliks in evenemint organisearre dêr't muzyk, sang, dûns en show bymekoar komme. Dit jier sil dat foar it earst op 15 oktober wêze op it poadium fan skouboarch De Harmonie yn Ljouwert.
Nij oan Proud On Stage is dat bygelyks in brassband tegearre mei in akrobatyske akt optrede sil. Of in DJ mei in dûnsgroep en in showband-akt.
Yn 2014 koe Taptoe Ljouwert de finânsjes foar in taptoe net mear rûn krije en besleat dêrom de stekker dêrút te lûken.