Fiif flatwenningen skansearre troch konifearebrân

02 jun 2016 - 08:21

Fiif wenningen hawwe woansdeitenacht skea oprûn troch in brân yn konifearen achter in flat oan de Curacaostrjitte yn Ljouwert. It fjoer bruts koart nei tolve oere út. De bewenners fan ien fan de ûnderste wenten seagen ynienen flammen en bellen de brânwacht.

De plysje hat in oantal bewenners út de flat helle. De flammen wiene doe al in pear meter heech. Doe't de brânwacht oankaam, wie it fjoer oerslein nei ien fan de apparteminten. Fan in twadde wenning baarnde it kezyn. De brânwacht hie de brân al gau ûnder kontrôle.

Trije apparteminten hiene skuorren yn de ruten troch de hjitte fan it fjoer. De bewenners moasten op strjitte wachtsje oant alle wenningen kontrolearre wiene. Yn elk gefal ien fan de apparteminten is foarearst ûnbewenber. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. De plysje siket tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)