Boerengilde komt mei eigen merk duorsum produsearre suvel

01 jun 2016 - 22:29

Boerekollektyf Boerengilde komt yn gearwurking mei Fûgelbeskerming Nederlân mei in nij duorsum suvelmerk. De supermerken fan de Jumbo sille de suvel ferkeapje. It nije merk stiet stil by in rike greide mei in soad greidefûgels dêryn.

It nije suvelmerk wurdt op 7 juny by Idzegea lansearre. Dan wurdt ek de namme bekend makke en folget der in diskusje oer it belang fan greidefûgels. Oan it Boerengilde dogge boeren mei dy't harren bot ynsette foar it greidefûgelbehear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)