Wêr moat de nije kommissaris fan de Kening oan foldwaan?

01 jun 2016 - 22:24
  • De steateseal yn it provinsjehûs

De nije kommissaris fan de Kening moat in positive ynspirearjende persoan wêze dy't goed op de hichte is fan de Fryske kultuer. Is dy persoan dat net, dan moat dy de skoalbankjes yn om by te spikerjen. Noch wichtiger is dat hy of sy in soad fan de provinsje hâlde moat. Dat moat neffens sjonger Syb van der Ploeg yn de profylskets stean fan de nije kommissaris fan de Kening.

Ald-kommissaris Hans Wiegel fynt dat it in ambassadeur wêze moat, nei gemeenten, bedriuwslibben en oare ynstellings ta. En hy moat yn Den Haag dingen foarinoar krije.

Dat is ek foar it MKB fan belang, seit Renate Westdijk fan MKB Nederlân, ôfdieling Fryslân. Neffens har moat de kommissaris ien wêze mei in ûndernimmende geast. Ien dy't oan syn amtners útlizze kin dat it mei sizzen net te dwaan is.

Ids Hellinga, de nije foarsitter fan de PC, wol dat yn alle gefallen boppe-oan it profyl komt te stean dat it gean moat om saken dy't fan belang binne foar de provinsje. It giet neffens him om de kultuer en oare saken dêr't wy sterk yn binne.

It soe ek moai wêze as de nije kommissaris goed sjonge kin, seit Syb van der Ploeg. Want yn de simmermoannen moat hy of sy sa'n bytsje alle dagen it Frysk folksliet meisjonge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)