Gids foar toeristen oer wat De Tynje te bieden hat

01 jun 2016 - 21:40

Fjirtjin ûndernimmers fan De Tynje hawwe mei-inoar in brosjuere makke oer it doarp. 'Toeristisch Tijnje' moat sjen litte wat der allegearre te belibjen is yn it doarp. De ôfrûne jierren is it toerisme yn de regio bot tanaam. Benammen bûten it doarp kamen der bêd en brochjes by, en der kamen ek mear fytsers en kuierders del. It sintrum fan it doarp hat neffens de inisjatyfnimmers in soad te bieden. De toeristyske gids moat minsken dêrop wize.

Boargemaster Elma van Selm fan Opsterlân naam woansdei it earste eksimplaar yn ûntfangst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)