Sikehûs Tsjongerskâns hat nije boarterskeamer foar sike bern

01 jun 2016 - 21:25
  • Raynaud Ritsma (midden) by de iepening fan de nije boarterskeamer

Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean hat sûnt woansdei in nije boarterskeamer op de berne-ôfdieling. De keamer waard mei mooglik makke troch jild fan it Ronald McDonald Bernefûns. It fûns hat yn it ramt fan syn 30-jierrich jubileum jild oan 27 soarchynstellings jûn.  

De boarterskeamer op It Hearrenfean is it earste projekt dat klear is. It is in romte dêr't bern dy't siik binne, boartsje kinne. Der is ek plak foar âlden om efkes te ûntspannen. De iepening waard dien troch Tsjek-presintator Raynaud Ritsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)