"Opheffing help TinZ oan deminten is minne saak"

01 jun 2016 - 21:18

Netwurk TinZ foar help oan deminten hâldt op te bestean en Alzheimer Nederlân is dêr net bliid mei. De 'case-managers' fan TinZ helpe deminten oan goede soarch.

It opheffen fan TinZ hat te krijen mei de wize fan finansieren. De Nederlânske soarchautoriteit, de NZA, en de fersekerders trune der by soarchfersekerder De Friesland op oan de rol fan de wykferpleechkundige fierder út te wreidzjen. De 'case-managers' wurde dan oerstallich en dat betsjut de ein fan TinZ mei yngong fan 1 jannewaris.

Neffens foarsitter Loek Punt fan Alzheimer Nederland is de nije ûnwikkeling net goed. Hy is benaud dat de minsken hieltyd te meitsjen krije mei nije gesichten. Boppedat driget in soad kennis te ferdwinen. De 'case-managers' witte it paad goed te finen by alle organisaasjes en kinne sa de júste help fine en jaan. Foar de pasjinten is it ek net goed, seit Punt. 'Sy en de famylje moatte no op 'e nij wenne oan in persoan dy't help organisearje moat'.

Neffens Roelof Jonkers fan de KwadrantGroep, ien fan de partners binnen TinZ, giet de kennis net ferlern. Jonkers wol TinZ omsette nei in kennisnetwurk dat wykferpleechkundigen stypje moat by it wurk. Sa moat de soarch oan minsken mei demintsy fierder ferbettere wurde.

Dat is ek de ynstek fan De Friesland Zorgverzekeraar. De kwaliteit moat op syn minst gelyk bliuwe, seit de manager Zorg en Gezondheid Edwin Frenay van 't Veen. De Friesland wol de wykferpleechkundigen sa gau as mooglik byspikerje. 'Dat gaat niet van vandaag op morgen. Dat weten we. Daarom vragen we de hulp ook van TinZ', seit Frenay van 't Veen.

TinZ hâldt op mei yngong fan 1 jannewaris takom jier. Oant dy tiid feroaret der foarearst neat. Sa't it no liket, gean der gjin banen ferlern. Al it personiel is detasjearre by TinZ. Sy gean allegearre werom nei harren âlde wurkjouwers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)