Frou sleept fysioterapeut foar tuchtkolleezje

(fotofoarbyld) © ANP
In frou út Haulerwyk hat har fysioterapeut foar de tuchtkommisje sleept. De man behannele har foar pine yn de nekke, mar hy siet har ek faak oan 'e boarsten. Hy soe har oan 'e memkes (tepels) lutsen hawwe, wêrtroch't dy oant twa kear ta ûntstutsen rekken. Foar it werstel moast de frou oan de antibioatika.
De fysioterapeut ûntkent de oanklachten. Hy moast de boarsten fan de frou wol massearje, om't de pine yn de nekke sa yntinsyf wie. Mar de frou frege freonen en oare fysioterapeuten oft it normaal wie en dy seine dat dat net sa wie.
De behannelingen hâlden yn jannewaris op. De frou hat yntusken oanjefte dien by de plysje. Oft de terapeut ek strafrjochtlik ferfolge wurdt, is noch net bekend. It tuchtkolleezje docht oer seis wiken útspraak.