FNP: "SISA yn Grinslanner hannen. En it Frysk dan?"

(stockfoto) © ANP
De FNP makket him soargen oer it Frysk. Troch fúzjes en skaalfergrutting by skoallen en pjutteboartersplakken komme dy faak yn hannen fan grutte organisaasjes. It meast resinte foarbyld is berne-opfangorganisaasje SISA. Dy gie fallyt, mar is no oernaam troch in bedriuw út Grinslân. De FNP freget him ôf oft de Fryske taal no noch wol genôch omtinken kriget.
De partij wol fan deputearre Poepjes witte wat sy op koarte en lange termyn docht om derfoar te soargjen dat skoallen en berne-opfanglokaasjes safolle mooglik meartalich bliuwe of wurde.