Minister Asscher stipet Smellingerlân yn boykot De Boer

01 jun 2016 - 19:45

Minister Lodewijk Asscher fan Sosjale Saken stipet de gemeente Smellingerlân yn de boykot fan it bedriuw De Boer yn Drachten. Dat seit er yn it Nederlands Dagblad.

Smellingerlân makke ferline wike bekend in jier lang gjin saken te dwaan mei de agraryske gruthannel. Oanlieding is de wegering fan De Boer om in homoseksuele studint oan te nimmen as stazjêr. It bedriuw is dêrfoar ek feroardiele troch de rjochter. De gemeente hat nei oanlieding dêrfan in boykot ynsteld. Ferskate partijen yn de gemeenteried hawwe dêr krityk op.

Asscher stiet oan de kant fan de gemeente. 'Ik denk dat het heel goed is dat de gemeente laat zien dat discriminatie niet ongestraft kan blijven. Dat bedrijf heeft in een e-mail aangegeven dat die jongen daar niet mocht werken, omdat hij homo is. Dat is niet toegestaan. Dan begrijp ik heel goed dat de gemeente zegt: Nu kun je even niet voor ons werken, totdat je je realiseert dat dit niet kan. Dat heeft niks te maken met de geloofsovertuiging van de eigenaar van het bedrijf. Wat je gelooft, moet je zelf weten. Maar dat is geen reden om iemand de toegang tot de arbeidsmarkt te ontzeggen.'

Tongersdei is der in spoeddebat yn de gemeenteried fan Smellingerlân oer de boykot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)