F-35 makket rûnflecht boppe Nederlân

01 jun 2016 - 19:40

De F-35 makket tongersdei in rûnflecht boppe Nederlân. It tastel sil op 400 meter hichte relatyf stadich oer wichtige lokaasjes en toeristyske attraksjes fleane. Dêrmei kin hiel Nederlân yn de kunde komme mei de opfolger fan de F-16.

De rûnflecht begjint om healwei fjouweren middeis op de fleanbasis yn Ljouwert. De F-35 fljocht ûnder oare oer Breda, de Deltawurken, Den Haag en Amsterdam. Om fiif oere hinne is it tastel werom yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)