Ynstânsjes melde grutte taname tal ghb-meldings yn Fryslân

01 jun 2016 - 19:19
  • GHB

It tal ghb- en xtc-brûkers nimt hieltyd mear ta yn Fryslân. Dat meitsje GGD Fryslân, Ferslavingssoarch Noard-Nederlân en de plysje bekend.

Dokters dy't pasjinten behannelje dy't mei justysje yn oanrekking kaam binne, krigen ferline jier 112 kear in ghb-ferslaafde oer de flier. It jier dêrfoar wiene dat noch 81.

De plysje naam mear as 250 fleskes ghb yn beslach. In jier earder wiene dat noch 148. En by de Fryske ferslavingssoarch melden harren 99 minsken mei in ghb-ferslaving. Yn Grinslân wiene dat 31 en yn Drinte 35.

Xtc nimt ek ta
It tal minsken dat oan de xtc sit, nimt de lêste jierren ek ta. Sa joech 2 prosint fan de jongeren tusken de 12 en 18 jier ta noch net hiel lang lyn xtc brûkt te hawwen, tsjinoer 1,5 prosint yn 2008. De stjerte troch it gebrûk fan xtc bliuwt hast gelyk: alle jierren stjerre inkelde minsken oan in oerdosis ghb of xtc.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)