Fryske wetterpoloster giet nei Bundesligaklup ETV Hamburg

01 jun 2016 - 18:46
  • Bernadette Bol

De suksesfolle wetterpoloster Bernadette Bol fan SGHA fan It Hearrenfean makket fan 't simmer de oerstap nei de Dútske Bundesligaklup ETV yn Hamburg. Se kaam ta har beslút nei in ferskil yn trainingsynsicht mei har coach yn Fryslân. Bol sjocht ETV as in útdaging en hopet op in trochbraak yn it bûtenlân.

De Dútske klup wurdt traind troch Henk Ronhaar. Hy hat in diel fan syn oplieding by SGHA op It Hearrenfean dien. Ronhaar ferwachtet in soad fan Bol: "Bernadette is snel en hat in sterk skot."

Bernadette sil har foarearst net yn Dútslân nei wenjen sette, mar allinnich foar wedstriden nei Hamburg ôfreizgje. Foar de trainingen kin se yn Zwolle terjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)