Skiednis Waadkust te sjen op tiidtafel yn tsjerke Penjum

01 jun 2016 - 17:36
  • Tiidtafel

Ferhalen fan de Waadkust komme tenei ta libben yn in saneamde tiidtafel yn de Victoriustsjerke fan Penjum. Dêr kinne besikers fia in byldskerm tagong krije ta in database fol mei films, foto's, muzyk en ferhalen. Op it skerm kinne besikers dingen oanklikke. De tiidtafel waard woansdei feestlik presintearre.

De tiidtafel is fan Stichting Nieuw Atlantis. Dy sammelet sûnt 2008 ferhalen fan de Waadkust. De tiidtafel moar mear besikers nei de Victoriustsjerke yn Penjum lokje. De tsjerke moat in moetingsplak wurde mei tema's en konserten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)