Steateleden op ekskurzje by biologyske boer

Steateleden wiene woansdei op ekskurzje by in bioboer yn Haskerdiken. Ferskate steatefraksjes wiene dêr op útnûging fan boer Miedema sels en de Partij voor de Dieren. Miedema is dit jier oergien fan standert buorkjen nei biologysk buorkjen. Doel fan de ekskurzje is om sjen te litten dat dat prima kin. Miedema naam de steateleden mei nei de greiden dêr't de natuer alle romte kriget.
Steateleden hawwe net safolle yn te bringen yn de lânbou. Dat is benammen Haachsk en Europeesk belied. Mar se tinke dochs ynfloed te hawwen troch lobbyen.